Belch bedriget portier mei dea

03 apr 2010 - 16:05

In man (27) út Brussel hat in portier fan in hoarekasaak yn Snits freedtenacht mei de dea bedrige. De fertochte wie mei in freon troch twa portiers út de saak set. De Belgen wiene ferfelend en foelen in famke lestich. Bûten bedrige de man út Brussel ien fan de portiers mei de dea.

De plysje waard warskôge en dy pakte de Belch op. Hy waard oerbrocht nei it buro. Hy krige proses-ferbaal en mocht dêrnei wer fuort.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)