Belangstelling UMCG foar virtual reality-projekt Ljouwerter

08 apr 2016 - 12:11

It sikehûs UMCG yn Grins toant belangstelling foar it virtual reality projekt fan de Ljouwerter keunster Marijke Sjollema. Sy hat in programma ûntwikkele, wêrtroch't it mooglik is om firtueel mei dolfinen te swimmen. It keunstprojekt hat ek in wittenskiplike ynslach. It swimmen mei dolfinen soe nammentlik brûkt wurde kinne as foarm fan terapy, benammen by autisme en depresje. Troch it programma fan Sjollema, liket it oft swimme de pasjinten mei de dolfinen en dat moat in posityf effekt opsmite by de behanneling.

It UMGC sil de kommende twa jier ûndersyk dwaan nei de wurking fan it programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)