Belangstelling foar Nijenstein

16 okt 2003 - 00:00

Der is in soad ynteresse foar it monumintale gebou Nijenstein oan de Foarstrjitte yn Bûtenpost. De gemeente Achtkarspelen hat 23 reaksjes krigen op in advertinsje dêr't it gebou te keap yn stiet. De gadingmakkers hawwe in ynformaasjepakket oer Nijenstein krigen.

Achtkarspelen is al sûnt 1999 dwaande mei de ferkeap fan Nijenstein. It markante gebou moat in horekafunksje krije. Eardere ferkeapen mislearren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)