Belangstelling foar guozzegebiet

02 mrt 2005 - 07:17

Goed 1300 boeren yn Fryslân binne ree om winterdeis lân beskikber te stellen foar guozzen. Yn totaal giet it dan om 44.000 bunder lân, mar de provinsje mei fan it Ryk mar 30.000 bunder oanwize as saneamde guozzefoerazjeargebieten. De provinsje sil no besjen hokker gebieten yn de beneaming komme foar dizze status. Boeren krije 150 oant 200 euro skeafergoeding per bunder.

It ministearje fan lânbou stelt yn totaal 5 miljoen beskikber foar Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)