Wichtige jazzpriis foar Feanster saksofoniste Tineke Postma

26 jun 2015 - 19:20
  • Tineke Postma wint de Buma Boy Edgarpriis

Saksofoniste Tineke Postma fan It Hearrenfean hat de Buma Boy Edgarpriis wûn. It is de wichtichste priis op it mêd fan jazz en ymprovisearre muzyk yn Nederlân.

De priis, dêr't in jildbedrach fan 12.500 euro oan ferbûn is, sil op 9 desimber útrikt wurde by in konsertjûn yn Amsterdam. Dizze jûn mei Postma sels gearstalle. Postma wurket in soad yn New York en reizget de hiele wrâld oer. Dit skriuwt de sjuery oer Postma: "Wat bij Tineke Postma vooral opvalt is de combinatie van kosmopolitisme en Hollandse nuchterheid."

"Hoe een in principe bescheiden Friese musicus carrière in de Verenigde Staten maakte met haar eigen Amerikaanse band en samenwerkte met niet de minsten.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)