'Belang WTC Ljouwert ûnderskat'

10 feb 2006 - 17:29

It ekonomysk belang fan it World Trade Centrum yn Ljouwert wurdt troch it bedriuwslibben ûnderskat. Dat sei direkteur Andries de Jong fan it WTC freed by de iepening fan de wettersportbeurs Boot Holland.

Neffens De Jong witte ûndernimmers faak noch net wat it WTC krekt foar harren betsjutte kin. Ek wurdt it belang foar bygelyks de wurkgelegenheid yn de regio ûnderskat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)