'Belang regionale omrop nimt ta'

07 apr 2006 - 07:58

It belang fan regionale omroppen, lykas Omrop Fryslân, nimt fierder ta. Se soene taken dy't no noch op lanlik nivo útfierd wurde, sels foar in part oernimme kinne.

Dat stiet yn in stúdzje nei de takomst fan dizze omroppen, makke yn opdracht fan de stifting Roos. Dat is it oerlis en gearwurkingsferbân fan de regionale omroppen. It rapport waard tongersdeitemiddei oerlange oan steatssekretaris V.d. Laan fan Kultuer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)