Bel-aksje Cambuur grut sukses

16 nov 2005 - 00:00

De belaksje foar Cambuur hat woansdei mear as hûnderttûzen euro opsmiten. De club kin dêrtroch wer in moanne foarút. De hiele dei ha sa'n tweintich sponsors oan it beljen west mei bedriuwen.

De sponsors bellen mei oare bedriuwen mei de fraach oft dy tûzen euro stoarte woene. yn ruil foar dy stipe krijt in bedriuw twa sitplakken en tagong ta de sakeklub. Cambuur moat dit seizoen yn totaal 600.000 euro binne krije, oars is it dien mei de club.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)