Bekladding op begraafplak yn Wolvegea

24 feb 2015 - 15:26

In grêfstien op it algemiene begraafplak fan Wolvegea is bekladde. De behearder fan it begraafplak ûntduts tiisdeitemoarn dat mei wite ferve in groffe tekst op it grêf skreaun wie.

In neibesteande en de behearder hawwe oanjefte dien. De plysje freget minsken dy't wat sjoen of heard hawwe, harren te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)