Bekladding gebedsromte Drachten

05 des 2004 - 13:56

De islamityske gebedsromte yn Drachten is woansdeitenacht bekladde mei rasistyske teksten. Sa stie der ûnder oaren 'Moslims dood Europa groot' en binne der White Power-tekens oanbrocht. Ek binne der ruten fernield en is in ynliste koran stellen. De islamityske mienskip is skokt.

De plysje is op de hichte steld fan de fernielings oan it gebou oan de Suderdwersfeart. Yntusken binne de teksten oerfarve.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)