Beklach oer nije tsjinsten NS

29 jun 2006 - 14:08

De provinsje is lilk op steats- sekretaris Schultz fan Ferkear. Sy is foar de nije tsjinstregeling fan de NS dy't takom jier yngean moat. Foar passazjiers nei Fryslân betsjut dat in langere reistiid omdat der gjin inter- citys mear nei it Noarden ride en de reizgers no oerstappe moatte.

De fertraging soe in pear minuten wêze, mar neffens de provinsje giet it om folle mear. De provinsje hat syn beklach dien by de steatssekretaris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)