Bekkink sterkste mountainbiker

06 feb 2006 - 12:57

Ramses Bekkink út Poeldijk hat op it Hearrenfean it iepen Frysk kampioenskip mountainbike wûn. Bekkink wie nei goed 25 kilometer de sterkste fan in kopgroep fan fiif. Arie de Jong út Easterwâlde wie de earste Fries. Hy kaam as njoggende oer de finish.

It mountainbikeseizoen begjint pas yn maart, mar dochs wienen der in soad eliteriders op it Fean. Se sjogge dizze wedstriid as in goede tarieding op it kommende seizoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)