Bekeurings yn nasjonaal park

23 aug 2014 - 15:27
  • Nasjonaal park Drents Friese Wold

By in kontrôle yn Nasjonaal Park it Drents Friese Wold binne freed seis bekeurings útdield. Trije minsken krigen in boete omdat harren hûn losrûn yn it natuergebiet. Ek hawwe twa automobilisten in bekeuring krigen foar it parkearjen fan de auto yn ferbean gebiet. As lêste is in bewenner op de bon slingere om't er yllegaal ôffal ferbaarnde.

Ek troffen de plysje en Steatsboskbehear op ferskate plakken yn it Drents Friese Wold himp, pún en grienôffal oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)