Bekeurings foar hurd riden

29 aug 2008 - 09:49

De plysje op It Hearrenfean hat tongersdei by in ferkearskontrôle yn dat plak 27 minsken in bekeuring jûn. Op de Venus ried in man 86 kilometer, wylst 50 kilometer tastien is. Op de Weimakker, dêr't ek 50 km tastien is, riden tolve automobilisten te hurd.

Op de autodyk van De Jouwer nei Drachten rieden seis automobilisten te hurd mei in útsjitter fan 155 kilometer. Ek krigen in tal minsken in bekeuring foar it riden troch read ljocht en it net-handsfree beljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)