Bekeuringen Gordykster merke

04 maaie 2010 - 10:40

De plysje hat by de Gordykster merke njoggen bekeurings útskreaun foar ferskillende oertredings. Der waarden ûnder oare ferochten oanhâlden foar it stellen fan in fyts en foar iepenlike geweldpleging.

De slimste oertreding waard dien troch in 37-jierrige Gordykster en in 22-jierrige Feanster. Sy wurde fertocht fan swiere mishanneling. Neffens omstanners hawwe se mei izeren pipen om har hinne slein. Beide mannen binne meinommen nei it buro foar ferhoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)