Bekeuring op It Hearrenfean

22 nov 2007 - 09:59

Seis brommerriders binne woansdei op It Hearrenfean op 'e bon slingere omdat se op in opfierde brommer rieden. De plysje helle de brommers fan de dyk en liet se by it plysjeburo in saneamde rollertest dwaan. Dêrby waard de oertreding konstatearre.

Seis fytsers krigen ek in bekeuring. Sy hienen de ferljochting net yn oarder. Foar trije automobilisten wie der in bon omdat se troch read ljocht rieden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)