Bekeuring foar trije jagers

18 des 2003 - 00:00

Trije jagers binne woansdei troch de AID, de algemiene ynspeksjetsjinst, bekeurd om't se sûnder ûntheffing op kolguozzen jagen. Dat barde yn de gemeente Tytsjerksteradiel. De jagers hiene 19 kolguozzen ôfsketten.

Dat mei allinnich mei in ûntheffing fan de provinsje, as der sprake is fan skea. Dat wie net it gefal. Neffens de jagers hiene se wol in ûntheffing oanfrege. Mooglik wurdt de jachtakte fan de manlju ynlutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)