Bekeuring foar aaisikers

05 maaie 2013 - 15:09
  • De Alde Feanen

De Fryske plysje-op-it-wetter hat snein by Earnewâld twa aaisikers bekeurd. De plysjes wiene op 'en paad mei meiwurkers fan natuerorganisaasje It Fryske Gea. De aaisikers wiene trapearre mei aaien fan in sanglyster en in oare ferbeane fûgelsoarte.

De plysje hat snein by Earnewâld ek noch twa hurdfarders bekeurd. Se hiene de gashendel yn harren speedboaten te fier iependraaid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)