Bekeuring foar 9 lûde auto's

08 feb 2014 - 13:47

Njoggen automobilsten binne freedtejûn yn Drachten op de bon slingere omdat har auto tefolle lûd makket. It gie neffens de plysje om auto's mei ekstra grutte útlaten, dy't in soad leven meitsje. De auto's foelen de plysje op by in kontrôle, wêrby't de plysje de lûdsnoarmen ekstra kontrolearre.

De bestjoerders moatte fan de plysje in standertútlaat ûnder de auto sette litte. Oanslutend moatte se har auto op 'e nij keure litte. Omdat mar 29 auto's kontrolearre binne, fynt de plysje it tal fan 9 bekeurings oan de hege kant.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)