Bekeurd foar donkere autoruten

14 feb 2011 - 09:52

De plysje hat de ôfrûne wike yn Ljouwert 15 automobilisten in bekeuring jûn foar it riden mei te donkere ruten. It is net tastien om mei in auto te riden wêrfan de ruten net mear as 25 % ljocht trochlitte.

By ien fan 'e auto's koe mar 19 % ljocht trochlitten wurde. De ynsittenden wiene net mear sichtber. Se ha hjirfoar in boete fan 180 euro krigen. De plysje docht dizze kontrôles omdat it sicht tefolle beheind wurdt en dat is gefaarlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)