Bekerwedstriden op 9 novimber

28 sep 2010 - 16:17

Hearrenfean en Cambuur komme beide op tiisdei 9 novimber foar de beker yn aksje. Dat is troch de KNVB bekend makke. Hearrenfean set útein om 18.45 oere thús tsjin NAC Breda. Cambuur begjint om 20.00 oere oan de wedstriid tsjin RKC út Waalwyk. It giet om de fjirde ronde fan de beker.

Yn de tredde ronde wûn Hearrenfean mei 3-1 fan Emmen. Cambuur wie mei 2-0 te sterk foar de amateurs fan VVSB.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)