Bekersukses jong Hearrenfean

12 mrt 2009 - 21:59

Jong Hearrenfean hat tongersdeitejûn de heale bekerfinale helle foar belofteteams. Yn Eindhoven foelen yn de striid tsjin jong PSV gjin doelpunten. Beide ploegen wiene oaninoar weage. Ek yn de ferlinging koene beide ploegen de winst net pakke.

Keeper Harm Zeinstra fan de Feansters pakte de earste PSV-strafskop. Fjouwer fan syn ploechmaten wiene dêrnei wis fan alve meter, de fiifde PSV-penalty einige op de latte. Jong Hearrenfean treft yn de heale finale jong AZ.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)