Bekerlotting nei ferlies GAVC

21 des 2013 - 22:55
  • In fuotbal

Sneinstwaddeklasser GAVC koe it yn de bekerwedstriid tsjin topklasser WKE net oprêde. Op Sportpark Meinga yn Grou waard it 5-1 foar de ploech út Emmen. Krekt foar it skoft sloech WKE binnen in minút twa kear ta. De moaie 'earetreffer' fan de thúsploech wie fan Ramon Smit. Dêrnei waard der lotte tusken 32 klups, mei û.o. De Westereen-De Jouwer, Drachtster Boys-Genemuiden, Broekster Boys-Staphorst, Ouwe Syl-Urk, Viboa-Ljouwerter Sweltsjes, Godlinze-Harkemase Boys, MSC-Frjentsjer, FVC-Drachten, Hearrenfeanse Boys-TEVV en Asser Boys-ONS Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)