Bekerfinale op De Harkema

07 maaie 2009 - 20:13

De Noardelike bekerfinale tusken Harkemase Boys en Drachtster Boys wurdt spile op sportpark De Bosk op 'e Harkema. Dat hawwe de beide ferienings besletten. De opbringsten fan de wedstriid wurde troch de klups ferdield.

De finale om de distriktsbeker op sneon 16 maaie begjint om 18.00 oere. De kaartferkeap giet om 16.00 oere los. De klups ferwachtsje goed 2.500 taskôgers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)