Bekerfinale Harkema hat ektra lading foar Staphorst trainer

15 maaie 2015 - 18:24
  • Jan van Raalte

It wurdt in spesjale dei sneon foar in ynwenner fan De Harkema. De measte ynwenners hoopje op winst yn de noardelike bekerfinale tsjin Staphorst. Op Jan van Raalte nei. Hy is trainer fan Staphorst, de tsjinstanner yn de finale. As fuotballer spile hy yn it betelle fuotbal ûnder oaren foar Cambuur, mar syn karriêre einige hy by Harkemase Boys. Dêr makke hy ûnder oaren in kampioenskip en de fjochtpartij tsjin Quick Boys mei. Op De Harkema moete hy syn freondinne.

Van Raalte wurdt trainer, mar bliuwt op De Harkema wenjen.

Sa spilet hy wol gauris tsjin de Harkemase Boys, mar noch noait ferlear hy in wedstriid op sportpark De Bosk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)