Bekerfinale Aris fier fuort

22 feb 2013 - 21:01
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Aris Ljouwert sille op 10 maart yn it Kealledykje de twadde heale finalewedstriid tsjin Zwolle mei 18 punten ferskil winne moatte. Slagget dat dan stiet Aris yn de bekerfinale. Freedtejûn waard mei 84-67 de earste heale finale ferlern. Thúsploech Landstede stie healwei mei 44-31 foar. Dêrnei krige Aris in dreun, nei it tredde kwart stie der 70-40 op it skoareboerd. Troch it lêste kwart mei 27-14 te winnen, ha de Ljouwerter basketballers noch in bytsje sicht op de finale.

Op 10 maart stiet de return fan de Playoffs yn it Kealledykje op it programma. In wike earder komt Zwolle ek al lâns foar in kompetysjetreffen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)