Bekentenis yn swimbadmoard

10 des 2012 - 11:59
  • Fries deasketten by sjitterij by simbad yn Mearum (Grinslân)

De man út Zwolle (35) dy't sûnt begjin septimber fêstsit foar de moard op Jan Elzinga út Mearum hat in folsleine bekentenis ôflein. Hy ferklearret dat er ynhierd is troch in man út Kampen dy't de opdracht foar de moard krigen hat fan de freondinne fan Elzinga, Monique H. út Mearum.

De freondinne fan Elzinga waard ferline wike tiisdei oanhâlden as fertochte, mar ûntkent belutsen te wêzen. Har broer (30) út Twizel is oanhâlden op fertinking fan belutsenheid. Neffens de man út Zwolle leit it motyf foar de moard yn relasjonele sfear.

Elzinga soe syn freondinne geregeld mishannele hawwe. Hy soe har ek bedrige hawwe. De 40-jierrige Jan Elzinga waard op 10 july delsketten by it swimbad yn Mearum yn Grinslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)