Bekentenis mishanneling Goutum

19 aug 2010 - 15:39

In ynwenner fan Hoogeveen hat in bekentenis ôflein yn de saak fan de mishanneling fan in jonge út Jelsum yn de McDonalds yn Goutum yn juny. De oare beide fertochten út Emmen en Hoogeveen wurde meikoarten oproppen om nei it plysjeburo te kommen foar in ferhoar.

De man dy't no in bekentenis ôflein hat, hat in proses-ferbaal krigen. De rjochter sil bepale oft de fertochte foarkomme moat of dat it ôfdien wurdt mei in boete.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)