Beitske Visser wint nei crash

07 maaie 2012 - 11:36

De 17-jierrige Beitske Visser hie op it racesirkwy fan Zandvoort wol in hiel apart wykein. Sneon mei de kwalifikaasje rekke de âld-ynwenster fan Noardburgum mei har Lotus fan de baan. Se stode mei mear as 100 kilometer yn in steapel autobannen. In nacht yn it sikehûs yn Haarlem wie it gefolch.

Sneintemoarn joegen de dokters grien ljocht foar de wedstriid. Yn de earste race waard Beitske achtste, de twadde race waard mei oermacht wûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)