Beima wint Wâldenklassiker

09 apr 2007 - 18:03
  • Marcel Beima (foto Martin de Jong)

Hurdfytser Marcel Beima fan Hurdegaryp hat de tredde Fryske Wâldenklassiker wûn. Hy wie de bêste fan in kopgroep fan tolve man. Nei fiif ronden om de Burgumermar waard Marco Bos nei 182 kilometer twadde. Jeroen Boelen waard tredde.

Yn de kopgroep fan tolve man sieten noch trije Friezen. Sierk-Jan de Haan fan Dokkum, Lieuwe Westra fan Mûnein en Fries-om-utens Folkert de Haan pakten gjin priis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)