Beima twadde yn Noarwegen

31 maaie 2007 - 20:37

Marcel Beima út Hurdegaryp is tongersdei twadde wurden yn de twadde etappe fan de Ringrike Grand Prix yn Noarwegen, in wedstryd oer fiif etappes. De koers gie fan Fagernes nei Vik i Hole, oer 157 kilometer.

Yn de lêste kilometer ried de Noar Hagen fuort út de kopgroep en kaam as earste oer de streek, op seis sekonden folge troch Marcel Beima. Beima stiet no seisde yn it algemien klassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)