Beheining skipfeart Prinsetún

10 jul 2014 - 17:40
  • Skipfeart moat rekken hâlde mei beheining Prinsetún

Skipfeart op de Dokkumer Ie tusken de Noarderbrêge en de Frouwepoartsbrêge by de Prinsetún yn Ljouwert moat rekken hâlde mei beheinings. Der driget in linebeam om te fallen en dêrom is it part dêr't fearn wurde mei, smeller wurden.

Skippen en boaten meie net farre op 15 meter fan de wâlskant fan de Noardersingel. It gebiet sil sa gau mooglik mei giele boeien ôfset wurde. In wurdfierder fan de gemeente seit dat de beam freedtemiddei om ien oere kapt wurde sil. Oant dy tiid jildt de beheining.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)