Beheinde jongeren bûten belied

12 jan 2005 - 10:50

Jongeren mei in beheining of in handikap falle bûten de boat yn it belied fan de gemeente Ljouwert. Dat is de krityk fan wolwêzensynstelling MEE Friesland op de beliedsnotysje jongerenwurk fan Ljouwert. Dêryn stiet dat it mar om in lyts persintaazje giet.

Friesland, de eardere SPD, wiist derop dat der ôfpraat is dat de gemeente him ynsette soe foar sokke jongeren fia de stichting Hulp en Welzijn Leeuwarden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)