Beheinde ôfsluting yn Balk

28 mrt 2012 - 16:42
  • De Van Swinderenstrjitte yn Balk

De Van Swinderenstrjitte yn Balk sil tenei allinnich yn july en augustus yn de wykeinen ôfsluten wurde foar motorisearre ferkear. Dat hat de ried fan Gaasterlân-Sleat tiisdeitejûn besletten.

De gemeente hie it plan om krekt lykas ferline jier de winkelstrjitte fan maaie oant septimber ôf te sluten, mar dat plan is opkeard. Yn de moannen july en augustus is der in soad te dwaan op de strjitte, mar yn de oare moannen net. Dêrom wolle de winkellju him yn dy moannen iepenhâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)