Beheind ledeferlies Fryske Gea

06 jan 2010 - 22:40

It Frysk Gea hat yn 2009 in 300 leden ferlern en sakket dêrmei krekt ûnder de 23.000. Yn ferliking mei oare natuerorganisaasjes yn Nederlân docht it Gea it net min. It Gea is yn 2009 ek de grins fan 20.000 hektares oan natuergebiet passearre. Neffens foarsitter Van der Meer in mylpeal.

Okkerdeis waard bekend dat it aisykjen yn de gebieten fan it Fryske Gea ferbean wurdt. Hoefolle minsken om dy reden opsein ha wit it Gea net krekt. Der ha har doe ek nije leden oanmeld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)