Behannelsintrum Easterstreek

10 aug 2009 - 21:28

Yn Easterstreek komt in modern wen- en behannelplak foar minsken mei harsenletsel en gedrachssteurnissen . It sintrum krijt de namme De Streekerhof en is unyk yn Nederlân. Der kinne fan 2010 ôf tolve minsken behannele wurde. Minsken mei soksoarte steurnissen falle no faak noch bûten it soarchoanbod.

Der wurdt al jierren oer it sintrum praat. Stifting Hoeve Boschoord kocht de pleats yn Easterstreek al yn 2001. Omwenners wiene earst tsjin de komst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)