Behanneling fia ynternet

09 aug 2008 - 11:52

Minsken mei in drankprobleem of in swiere depresje binne goed te helpen fia it ynternet. Ferslavingsoarch Noard-Nederlân lûkt dy konklúzje nei in proef, dy't de lêste tiid hâlden is.

Op de webside www.webzorgpunt.nl wurde op dit stuit al 50 pasjinten holpen. Om spesifike help te krijen is wol in tagongskôde nedich. De ferwachting is dat it tal ynternetkliïnten bot tanimme sil. Der is romte om 2000 minsken behannelje te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)