Begryp foar útlittings Dales

28 maaie 2005 - 10:18

De Ljouwerter polityk hat begryp foar it feit dat Geert Dales iepenlik syn twifels útsprutsen hat oer it boargemaster wêzen fan Ljouwert. Dales seit freed yn de Ljouwerter krante dat er syn nocht hat fan it geseur fan de polityk en de media yn Ljouwert.

Ynhâldlik is der begryp foar de útlittings fan Dales. Wol fynt de polityk it tiidstip net handich keazen: freed iepene prinses Margriet it restaurearre stedhûs fan Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)