Begryp foar krityk nei brân

17 sep 2012 - 13:05
  • By it bestriden fan de brân waard in soad brânwachtmateriaal ynset

De gemeente Smellingerlân hat begryp foar de krityk fan buertbewenners op de kommunikaasje oer de grutte brân oan de Splitting yn Drachten fan sneon. Mar de earste prioriteit fan de gemeente wie om de minsken safolle mooglik út de reek te heljen.

De measte minsken koene oan de ein fan de middei wer nei hûs. Allinnich de frou dy't njonken it ôfbaarnde gebou wennet hat de nacht trochbrocht by har dochter. Oare minsken krigen in spesjaal apparaat om de lucht yn de huzen te suverjen.

De gemeente wol no dat de eigener fan it ôfbaarnde gebou sa gau as mooglik de ravaazje oprommet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)