Begrutting Kulturele Haadstêd fan 40 nei 26 miljoen

26 mrt 2016 - 06:01
  • Logo KH2018

De organisaasje fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 moat it mei folle minder jild dwaan as earder tocht waard. Yn de begrutting yn it bidbook waard noch útgien fan 40 miljoen euro foar projekten. Dat bedrach is nei ûnderen bysteld nei 26,5 miljoen. As gefolch hjirfan wurde programma-ûnderdielen skrast. Sa gean fiif grutte projekten net troch. It giet om Floating Future, Museum of Love, Flying Carnaval, Romantic Painters of the North en The M Factor.

Dy besparring smyt fiif miljoen euro op.

De organisaasje fan Ljouwert Kulturele Haadstêd hat yntusken al acht miljoen euro oan sponsorjild binnen helle. In bedrach fan ien miljoen euro komt fan in haadsponsor. Dat is in nasjonaal bedriuw dat wichtich is foar Fryslân. Hokker dat is wol finansjeel direkteur John Bonnema noch net sizze. Dat wurdt letter troch de sponsor sels bekend makke.

Sponsorynkomsten falle ôf

Dochs falle de sponsorynkomsten bot ôf. In soad bedriuwen stypje de organisaasje al, mar dan yn natuera. Bygelyks yn it beskikber stellen fan foarsjennings. De doelstellings út it bidbook bliuwe oerein seit Bonnema, ek al komt der minder jild binnen en moatte der projekten skrast wurde. Foarstellings of útstallings gean allinnich troch as der finansjele dekking is, stelt de finansjeel direkteur. Yn septimber sjocht de organisaasje op 'e nij nei de jildstream en alle projekten dy't op stapel stean. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)