Begrutting KNVB fan tafel fage

20 maaie 2005 - 13:17

De distriktsôfdieling Noard fan de KNVB hat de offisjele begrutting tongersdeitejûn fan tafel fage. It noardlike kantoar fynt dat de KNVB him net hâldt oan de ôfspraak om jild út te jaan oan in op te setten Masterplan Arbitrage.

Earder wie ôfsprutsen dat de ferheging fan it lidmaatskip fan 55 eurosint it lid bestege wurden soe oan it ferbetterjen fan de kwaliteit en de ferheging fan it oantal skiedsrjochters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)