Begrutting Gaasterlân posityf

05 nov 2008 - 15:58

De gemeente Gaasterlân-Sleat hat foar 2009 in positive begrutting. Nei in tal jierren fan besunigings is der no wer romte foar nij belied. It positive saldo foar 2009 is hast 800.000 euro en ek foar de jierren dêrnei wurdt in oerskot ferwachte.

De foarse besunigings ha úteinlik fertuten dien, mar ek de hegere útkearing fan it ryk hat in positive ynfloed. De gemeente wol it oerskot net hielendal brûke foar nij belied, se hâlde 75% achter de hân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)