Begrave yn Harns wurdt djoer

17 nov 2000 - 16:28

Begrave yn Harns wurdt flink djoerder. Oant no ta koste it hast 300 gûne om ien te hôf te bringen. Dat wurdt aanst hast 800 gûne. De gemeente wol mei de ekstra opbringsten it eksploitaasjetekoart fan it begraafplak werombringe.

De ferheging fan it taryf moat alle jierren 30.000 gûne mear opsmite. De gemeente Harns sjocht yntusken om nei in nij hôf, om't it âlde hast fol is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)