Begraffenis mei militêre ear

12 maaie 2004 - 00:00

Sersjant Dave Steensma fan Frjentsjer wurdt mei militêre ear begroeven. Dat bart yn oerlis mei de famylje. Steensma kaam moandei yn Irak om by in oanslach. Hy is it earste Nederlânske deadlike slachtoffer fan de oarloch yn Irak.

It stoflik omskot wurdt sa gau mooglik nei Nederlân brocht. Kameraden út Irak begeliede de tocht. De oerdracht op it fleanfjild wurdt ek mei militêre ear dien. Op de basis Al-Khidr wie tiisdei in seremoany foar Steensma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)