Begraafplak wurdt faaks monumint

09 feb 2006 - 12:24

It begraafplak by de Sint Gertrudis-tsjerke yn Warkum krijt mooglik in monumintestatus. In ynwenner fan de gemeente Nijefurd dy't dwaande mei in boek oer it ûnderwerp, trúnt der by de gemeente al in skoft op oan om it begraafplak sa'n status te jaan.

It CDA yn de gemeenteried stelde der al fragen oer en de ferantwurdlik wethâlder hat tasein dat er sjen sil nei de mooglikheden. Ek it begraafplak yn Hylpen is noch in punt fan oandacht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)