Begraafplak Ljouwert opknappe

02 mrt 2007 - 12:44
  • begraafplak Spanjaardsleane yn Ljouwert moat opknapt wurde

Der moat in plan fan oanpak komme foar it monumintale begraafplak oan de Spanjaardsleane yn Ljouwert. Dat fynt âld-foarsitter Fetter fan de stifting dy't it begraafplak opknappe soe. Dy stifting is der mei ophâlden om't de gemeente te min dwaan soe.

De stekken om de grêven hinne binne oan ûnderhâld ta en ek it likehúske stiet op ynstoarten. De gemeente Ljouwert hat tasein noch dizze moanne mei in plan fan oanpak te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)