Begjinne mei ynspraak Doeksen

24 apr 2014 - 09:40
  • EVT en Doeksen

It nije gemeentebestjoer fan Skylge moat gau in begjin meitsje mei de ynspraak fan de eilanners op de tsjinstferliening fan Rederij Doeksen. Dat seit wethâlder Teun de Jong fan Skylge as reaksje op it keamerdebat fan woansdei oer it akkoart fan steatssiktaris Mansveld mei de rederijen Doeksen en EVT. Underdiel fan dat akkoart is dat de befolking fan Skylge en Flylân tenei meiprate kin oer it tal ôffearten en de priis fan de boatkaartsjes.

Doeksen moat de kommende tiid bewize dat it bedriuw klantfreonlik is, seit ek keamerlid Aukje de Vries.

Doeksen hat in konsessy foar de tsjinsten op Skylge en Flylân foar 15 jier. It akkoart fan Ryk mei Doeksen en EVT wurdt stipe troch koälysjepartijen PvdA en VVD, mar opposysjepartijen CDA en SP hawwe harren twivels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)