Begjin mei nije feart yn Dokkum tusken Ie en Wâldfeart

30 apr 2015 - 14:29
  • Farre lâns it Dokkumer bolwurk

Yn Dokkum is tongersdei útein set mei it graven fan in nije feart, fan de Dokkumer Ie nei de Wâldfeart. Dêrmei wurdt in histoaryske ferbining wersteld. Boaten mei in hichte fan 2,5 meter kinne yn 'e takomst fan de feart gebrûk meitsje.

Tritich besteande huzen yn de Wâldhoarne en tsien nije huzen yn de Trije Terpen krije in ferbining mei de Ie. Der komme ek oanlisplakken foar boaten en in helling om boaten yn it wetter te litten. Earder binne al boskjes fuorthelle en kabels ferlein.

De nije feart tusken de Dokkumer Ie en de Wâldfeart wurdt groeven troch it bedriuw Elzinga wegenbouw BV út Dokkum. Wethâlder Albert van der Ploeg hat tongersdei it offisjele startsein jûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)