Begjin makke mei monumint PC

08 jan 2003 - 00:00

De PC yn Frjentsjer fiert dit jier it 150-jierrich bestean. By it fjild fan it Sjûkelân dêr't de belangrykste keatswedstriid jierliks hâlden wurdt, komt in monumint. De earste peallen foar de twa tuorren by de yngong binne woansdei yn de grûn slein.

De tuorren binne tweintich meter heech neffens in ûntwerp fan de Fryske arsjitekt Rein Hofstra. Troch it monumint krijt it Sjûkelân mear alluere. It moat 16 maaie klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)