'Begjin maaie nij kolleezje'

10 apr 2003 - 00:00

Ynformateur Jacob Reitsma rekkenet derop dat der begjin maaie in nije kolleezje fan Deputearre Steaten wêze sil. Reitsma hat woansdei mei de oare ynformateur, Ab Timmermans, praten mei de fraksjes fan CDA, PvdA, VVD en FNP. It gie dêrby om de magneetsweefbaan en de finansjele ûnderbouwing fan it bestjoersakkoart.

De partijen krije in wike de tiid om yntern te praten oer de útkomsten fan de ynformateurs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)